Bregt Arendz folget spoar fan Amarins en Jenny

De âlde Romeinske filosoof Seneca hie it sa’n 2000 jier al goed yn it snotsje doe’t er opmurk: “In goed foarbyld docht goed folgjen”……….

No tink ik net dat Bregt ea fan Seneca heard hat, mar se wit om ‘e drommel wol dat Amarins en Jenny al in moai protsje keatsprizen wûn ha. Sokke foarbylden sjogge jo net oer de holle. Boppedat hie Bregt woansdei ek al mei Amarins en Jenny yn it ôfdielingspartoer keatst. Se hie doe al sjen litten dat se hurd foarút giet en dêrom binne se mei syn trijen IZERSTERK. Pinkstersneon wie dan ek foar ús trije izersterke famkes in saneamde BINGO dei. In dei mei prizen. Se wiene alle trije opjûn foar de welpen partij fan de KNKB yn Wytmarsum. Bregt lotte by Jenny en Amarins wie koppele oan Yvonne Eisma út Tsjom. Hoe’t de keatserij presies ferrûn is, wit ik net, mar doe’t ik thús kaam en eefkes op in keatswebside seach, moast ik fansels al eefkes glimkje. Jenny en Bregt wûnen de twadde priis en Amarins mei har maat de tredde. Soks is fansels in skitterjend resultaat. Trije famkes fuort te keatsen en alle trije inj priis. Foaral foar Bregt in moaie opstekker en in oantrún om faker mei te gean nei de KNKB wedstriden. As de skyn net bedriget dan kinne dizze trije famkes fan izer en stiel noch in protte prizen winne. Wat soe Seneca hjir oer sizze........??

Geplaatst op 30 May 2009